Afbeelding
Nel Wierenga

Digitaal

Algemeen

Wy krije op de redaksje net alle dagen besite. Hoecht ek net. De measte kommunikaasje giet fia de mail en de app. Sa giet it hjoeddedei. Mar ferline wike kloppe der dochs ien op de doar. Earst noch wat súntsjes, ik hearde mar kwalik wat. Doe wat steviger. 

Der kaam in man op leeftyd oan myn bureau. Hy helle in slûf út de binnenbûse. It wie in rekkentsje; hy hie earder in famyljeberjocht yn de krante pleatst. Hy woe it graach fuortdaliks kontant betelje. In lyk man is in ryk man. Wy ha op kantoar gjin wikseljild, mar de man hie it thús moai útteld. 

Hy hie ek noch in fraach. Oft ik syn frou efkes belje woe, hy wie al wat langer ûnderweis. We fûgelen tegearre it telefoannûmer út. Ik belle, de frou naam op. Ik fertelde har dat har man by ús op kantoar siet en sa nei hûs kaam. ‘Dan is myn sin wer gerêst’, wie har antwurd. Ik sette ‘Voldaan’ en in datum op de rekken en doe sette de man wer ôf.
Myn kollega en ik seagen him nei. Op de weromreis helle ik it postfakje leech. In hiele stapel oplossingen fan de puzzel. Fan alles siet dertusken. Alde ansichtkaarten, hiele plak- en knipwurkjes, losse feltsjes dy’t yn de bus dien binne en fansels hiel wat briefkaarten. Ja, dy binne der ek noch hieltyd. De measte oplossingen komme fia de mail, mar wy hâlde de post ek noch altyd dwaande.

De wrâld sit al hiel lang yn de digitale greep. Mar wy sjogge alle wiken dat der ek noch minsken binne dy’t dêr neat fan ha moatte. Of der harren wei net yn fine kinne. Us krante komt alle wiken op papier. Neffens guon net mear fan dizze tiid. Ek de Sa! is rûnom op ynternet te finen. Mar at wy berjochten wol online sette en net yn de krante, dan smyt dat altyd reaksjes op. De groep minsken dy’t harren nijs gewoan yn de krant lêze wolle, is noch altyd grut. Papier en online, eins bliuwt it in moaie kombinaasje.

Arend Waninge 

Meer SA!

D
RWF is na nipte zege op Twijzel veilig Sport 7 uur geleden
Afbeelding
Turfroute vijftig jaar geleden gered Nieuws 16 uur geleden
Trainer Guido Pen: “Hoe het seizoen ook eindigt, het is een leerzaam jaar geweest voor de spelers.”
'We kunnen niet op een gelijkspel gokken' Sport 17 mei, 16:00
Afbeelding
Zaterdag: activiteiten rond opening Turfroute Nieuws 17 mei, 13:46
Afbeelding
Pinkstertip: Pinksterfeest316 in Wijnjewoude Cultuur 17 mei, 12:30
Afbeelding
In het zonnetje! Column 17 mei, 12:23
Afbeelding
Five Pack strijdend ten onder in kampioenswedstrijd Sport 17 mei, 11:37
Afbeelding
Uittip: theatervoorstelling 'Zolang de vogels vliegen' Cultuur 17 mei, 11:31