Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

Oflieding

Column

Wat ha ik yn it wykein dochs ferlet fan wat ôflieding yn de sport. No net fuortdaliks tinke dat ik my dan oeren yn it swit wurkje. Dat ha ik nea dien en dat slagget my no hielendal net mear. Mar ik kin ek hielendal opgean yn in moaie sportwedstriid troch allinnich mar te sjen. 

En dan ha je dizze wiken neat te kleien. Dat sette freed al útein mei in prachtige oerwinning fan Mathieu van der Poel op de fyts. Middeis nea oan tocht, mar je kinne online alles werom fine. Dat saterdeitemoarn wie ik samar in healoere fierder mei it sjen nei in wedstriid dêr’t ik de útslach al fan wist. Elk syn gebrek.

Middeis wie ik yn Sporthal Koartsweagen. In ploech jonge kuorballers sette in op it each kânsleaze achterstân nei in ferlenging om yn winst. Sa sitte se ynienen by de bêste fjouwer ploegen fan it lân yn harren leeftiid. Kommend wykein de heale finale om it lânskampioenskip. Wat in beleving yn it fjild, mar ek op de tribunes mei heiten, memmen, pakes, beppes en oare leafhawwers. Dit ferjtte de bern fuort net wer.

Snein wie it suver hjerstich. Myn soan frege my mei nei it fuotbalfjild wêr’t Wispolia fan Terwispel it opnaam tsjin THOR fan Lippenhuzen. In echte derby dus. It wie kâld, mar der barde yn it fjild hiel wat mear as in wike as wat lyn doe’t wy dêr ek stienen. Ik krige oan de kant fan it fjild goed mei wat de spilers op saterdeitejûn krekt wol binnenkrigen hienen of hoe’t se harren júst sparre hienen foar dizze striid. Wispolia wûn ferrassend. Ek dat is moai oan de sport. Je witte noait hoe’t it rint. Thús noch krekt in snipperke sjoen fan wer in striid mei Van der Poel. Hy waard no twadde, mar sparret himsels nea. Ik mei dat graach sjen. Net te berekkenjend. 

Ik ha de analyses en de updates fan wat der yn Moskou en de rest fan de wrâld bart, mar efkes gewurde litten. Ticht by hûs is der ek genôch te dwaan om je drok oer te meitsjen.

Arend Waninge  

Meer SA!

D
RWF is na nipte zege op Twijzel veilig Sport 7 uur geleden
Afbeelding
Turfroute vijftig jaar geleden gered Nieuws 16 uur geleden
Trainer Guido Pen: “Hoe het seizoen ook eindigt, het is een leerzaam jaar geweest voor de spelers.”
'We kunnen niet op een gelijkspel gokken' Sport 17 mei, 16:00
Afbeelding
Zaterdag: activiteiten rond opening Turfroute Nieuws 17 mei, 13:46
Afbeelding
Pinkstertip: Pinksterfeest316 in Wijnjewoude Cultuur 17 mei, 12:30
Afbeelding
In het zonnetje! Column 17 mei, 12:23
Afbeelding
Five Pack strijdend ten onder in kampioenswedstrijd Sport 17 mei, 11:37
Afbeelding
Uittip: theatervoorstelling 'Zolang de vogels vliegen' Cultuur 17 mei, 11:31