Column: Unbehoarlik

Algemeen

Wat leit it gea der moai hinne dizze sneintemoarn. Op it fytske sjoch ik sweeën gers op it lân lizzen. Oare stikken wachtsje noch op de meanmasjine. De maïs hat de groei te pakken. Earpelfjilden wurde griener en griener. En kij frette rêstich harren miel by elkoar. Mar hoelang sjocht it der yn dizze omkriten noch sa út? Wat at de kealslach ûnder de boeren trochset sa’t dy mei de presintaasje fan de stikstofplannen foarsein is? Hoe leit de wrâld der hjir oer tsien jier hinne? De plannen komme hurd oan by de boeren. Begryplik. It hat fêst wolris geselliger west oan de keukentafel. De measte boeren ha ek wol yn de gaten dat der wat barre moat. We ha te min romte. Of te folle minsken. It is mar krekt hoe’t je it sjogge.

De minister fan lânbou wol de boeren perspektyf biede. No, dat slagget op dizze wize net. De wrâld moat der yn 2030 oars útsjen. Dat liket fier fuort, mar is tichtby. Seker foar ûndernimmers dy’t ynvestearje mei it each op de takomst. En nimmen wit hoe’t it komt. Op de presentearre kaartsjes kin net in boer sjen wat foar him de gefolgen binne. Rûn de Natura 2000-gebieten moat nochal wat barre. En yn ús Sa!-gebiet lizze trije fan dizze gebieten, krekt oer de grins noch twa.

De provinsje draait op foar de útfiering. De deputearre seit no dat der net in boer twongen útkocht wurde sil. Mar at de provinsje har doelen net hellet, wol it Ryk dat foech wol ha. En foardat de provinsje it útfieringsplan takom jier simmer klear hat, binne der earst noch ferkiezings. Binnen partijen rommelt it al bot oer dizze plannen. It kin dus noch alle kanten op. En de boer dy moat mar ôfwachtsje en op de hannen sitte. Mei jokjende hannen, it swit yn de broek en miskien wol it skom op de bek. Minsken benaud meitsje troch doelstellingen te presentearjen sûnder dat je witte hoe’t je dêr komme wolle. Al hoe leaf my de natoer ek is, dit is in foarm fan ûnbehoarlik bestjoer.

Arend Waninge 

Meer SA!

Afbeelding
FNP staat alleen in eigen Opsterlandse Lelylijn-reactie Nieuws 20 uur geleden
Christiaan Schipper
Rente Column 22 uur geleden
Afbeelding
Sociale Inlopen maken kans op Appeltje van Oranje Nieuws gisteren
Afbeelding
Langs ateliers tijdens Kunstroute Opsterland Cultuur gisteren
Marian Klein Ikkink.
Marian Klein Ikkink: 'Zien is de kunst van het kijken' Cultuur gisteren
Hans de Jong blijft trainer van Read Swart.
Read Swart gaat richting eeuwfeest Sport gisteren
Afbeelding
Met Sa!-korting naar Dominic Seldis Cultuur gisteren
Afbeelding
Wie wil er vertellen over autohobby? Nieuws gisteren