Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

Buertkamp

Column

It kin wer en der is noch wat yn te heljen. Dus binne der dit jier in soad doarpsfeesten, ek yn myn doarpke sil it yn septimber los. Dus stutsen wy freedtejûn op de buert de koppen ris by elkoar. It wie gesellich. We praten al hiene wy elkoar jierren net sjoen. Eins nuver, wy wenje by elkoar op de buert. De hân opstekke dogge wy alle dagen, mar efkes by elkoar oanstekke foar in praatsje is der selden by. 

De simmer stiet lykwols foar de doar, dan moetet it op de dyk ek krekt wer wat makliker. Op it offisjele diel fan de fergadering gie it fansels oer de buertfersiering en oer de tradisjonele buertkamp. Dy hoege wy net te winnen, sizze wy alle kearen. Mar at it ien kear safier is, wurdt in part fan de buert ynienen hiel fanatyk. 

Ik kaam sels wat letter binnen. De fergadering wie al dien, de kofje op en de earste dopkes fan de fleskes. Krekt op tiid dus. Mar dat is ek in risiko. Foar’t je it witte, ha se je yndield by ien fan de spultsjes fan de buertkamp. Faak krekt in ûnderdiel dat je it minst leit of dat it minst populêr is. It programma wie lykwols noch net bekend, dat dêr moatte wy in oare kear nochris oer te set. Der bin guon by dy’t dat net slim fine.

Foar ús buert is it spul oer de feart hiel belangryk. In thúswedstryd, want wy wenje oan de boulevard fan it doarp. Wa weaget him hjiroan? Je moatte nochal wat sportyf wêze en in dûk yn de feart net meie. Eins wiene wy der wol gau út. Sûnt koart stiet der in auto fan Jumbo-Visma by ús yn de strjitte, der wennet in topsporter op de buert. In hurdrydster. 

En at jo no echt in glorieuze entree meitsje wolle op de nije buert, dan is dit de kâns. Sa fûnen wy. Mar ja, der is fansels ek kâns dat sa’n spul oer de feart de tariedingen op in glorieus iisseizoen yn de wei stiet. En wat wol de buert eins? Yn septimber grutsk by winst yn it spul oer de feart? Of begjin takom jier de spandoeken yn de strjitte omdat se in medalje op in grut toernoai wint? It libben sit ek fol dilemma’s.

Arend Waninge

Meer SA!

Afbeelding
Five Pack strijdend ten onder in kampioenswedstrijd Sport 34 minuten geleden
Afbeelding
Uittip: theatervoorstelling 'Zolang de vogels vliegen' Cultuur 40 minuten geleden
Afbeelding
Scott Woltering winnaar Lauswolt Open Sport 40 minuten geleden
Afbeelding
Lezing over Geert Lourens van der Zwaag Cultuur 40 minuten geleden
Afbeelding
Nieuwa artikel Nieuws 44 minuten geleden
Afbeelding
FNP staat alleen in eigen Opsterlandse Lelylijn-reactie Nieuws 21 uur geleden
Christiaan Schipper
Rente Column 23 uur geleden
Afbeelding
Sociale Inlopen maken kans op Appeltje van Oranje Nieuws 16 mei, 09:51