14 feb

Fryske Jûn oer de leafde

Witte Kerk Hemrik, Hemrik van 20:00 uur tot 22:00 uur
Omschrijving

Op tongersdei 14 febrewaris fiere wy de dei fan Falentyn yn de Wite Tsjerke. In hiele jûn in programma oer de leafde. Wy ha minsken út’e Himrik, út Lippenhúzen, Beetstersweach, Jorwert, Feanwâlden frege om wat te dwaan mei it thema de leafde. Der sil op tongersdeijûn dus fan alles te hearren wêze, jim moatte tinke oan in moai fers, in gedicht, in ferhaal, in toanielstikje, in anekdoate. Der komt fanalles foarby. De measte stikjes binne net hiel lang, dus wurdt it in tige ôfwikseljende jûn. Der sil ek tiid wêze foar in tapaslik hapke en in drankje, der wurdt alle war dien om der in genoeglike jûn fan te meitsjen.
It wurdt in Fryske jûn, fandêr ek de fraach fanút de organisaasje om allegear op de ien of oare menier sjen te litten dat jim it Frysk tagedien binne.
Hooplik komme jim ek om de dei fan Falentyn mei ús te fieren. It kostet 6 euro. Mar dan ha jim in machtich moaie jûn, dat wikke wy jim.
Dus graach allegear op nei de Wite Tsjerke op’e Himrik op tongersdei 14 febrewaris om 20.00 oere.

Terug naar agenda overzicht