13 okt

Ienakterjûn Kliuwend Omheech

Nij Beets vanaf 19:00 uur
Omschrijving

Toanielferiening Kliuwend Omheech hâldt op sneon 13 oktober (19.00 oere) in ienakterjûn. Eltse ienakter wurdt útfierd op in oare lokaasje. De jongerein begint op it terrein fan it Damshûs en lit sjen hoe’t it der op in trochdewykse toanielrepetysje om ta giet. Harren stik ‘hopeloze liefde’ ha se sels skreaun. Under muzikale begelieding kuiert it publyk dan nei de twadde lokaasje wer’t it stik ‘Skeind’ spile wurdt. Troch ferfelende omstannichheden rekket Iris yn it kleaster. Jierren letter beslút hja in nij libben te begjinnen en swalket troch it hiele lân. De lêste ienakter ‘Terrasklanten’ wurdt spile yn doarpshûs It Trefpunt. Bylden fan it ferline komme op, de takomst bestiet net. Dy duorret mar even en samar is it wer ferline. Kaarten (10 euro; o/m 12 jier 7,50 euro) kin besteld wurde fia kliuwendomheech@gmail.com.

Terug naar agenda overzicht
Delen