26 jan

It Heideblomke spilet ‘Gewoan te gek’

Jubbega vanaf 20:00 uur
Omschrijving

Toanielferieniging it Heideblomke spilet dit toanielseizoen it stik ‘Gewoan te gek’ fan Ton Davids. It wurdt spile troch eigen leden ûnder rezy fan Tine Bijstra. It stik spilet him ôf yn de húskeamer van Huize van Speykstraat, wêr’t fjouwer eks-psychiatryske pasjinten wenje. De sosjotherapeute moat har helpe harren plakje yn ‘e normale maatskippij wer te finen. Se docht faak goed har bêst, mar de bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. Dêrom komt de wethâlder mar in kear om it spul troch it gat te sjen. De útfierings binne op saterdei 19 en 26 jannewaris (20.00 oere) yn kafee de Alde Slûs. Plak besprekke kin fia 0516 462979 of toanielferienigingheideblomke@gmail.com.

Terug naar agenda overzicht
Delen