16 mrt

Rjucht en Sljucht spilet Boeing Boeing

Tijnje vanaf 20:00 uur
Omschrijving

Toanielferiening Rjucht en Sljucht spilet yn seal Overwijk it hilarysk blijspul ‘Boeing Boeing’. Dit kear mei de jongere talinten fan de feriening yn de haadrol. Frijfeint Paul, in suksesfolle architekt dy’t in appartemint yn Amsterdam bewennet, hat kontakten op Schiphol mei de tsjinstroaster-ôfdieling fan it fleanfjild. Boppedat hat er in relaasje mei trije stewardessen. Net ien fan de trije hat yn de gaten dat se bedondere wurde. It sprekt fansels dat soks de gekste sitewaasjes mei him meibringt. Tagongskaarten kin besteld wurde fia info@rjuchtensljucht.nl.

Terug naar agenda overzicht
Delen