21 feb

Utfiering Nij Libben Fryskepeallen

Doarpshûs De Dobber, Frieschepalen vanaf 20:00 uur
Omschrijving

Toanielferiening Nij Libben spilet op woansdei 19 (14.00 oere) freed 21 en sneon 22 febrewaris (20.00 oere) de klucht ‘Wa is hjir dokter’ yn doarpshûs De Dobber. Woansdei is der yn it skoft fleurige lûkharmoanikamuzyk, sneon is der nei ôfrin dûnsjen mei Blowing Away. De klucht giet oer in drokke hûsdokterspraktyk wêr’t neist de dokter in doktersassistente en in putsjeman wurkje. Der komme alderhanne pasjinten, mei ferskillende problemen en kwalen, dy’t harren op begrutlike en healwize manieren hâlde en drage. Net allinne dokter bemuoit him mei de behanneling fan de pasjinten, ek de assistente en de putsjeman dogge dat no en dan. En der barre in pear net gebrûklike dingen dy’t te krijen ha mei in heimsinnige pasjint. Yntree: stipers fergees; net-stipers 10 euro; foarferkeap 8 euro; foarstelling woansdei 6 euro.

Terug naar agenda overzicht
Delen