Column

Arend Waninge: Betide Kryst

Potlood Arend Waninge

Alles is oars dit jier. Sa liket it of yn elts gefal: sa fielt it. It sil dy ferrekte corona wol wêze. Jo sjogge oars nei saken. Wylst de earste wiken fan novimber noch nea sa waarm wienen, stekt de Kryst de kop betiid om de doar.

By hiel wat minsken stiet de krystbeam al yn de hûs en de ferljochte krystman mei syn slide stiet hjir en dêr al yn de tún. At de opwaarming fan de ierde noch efkes trochset en de gekte noch earder begjint, kin hy syn read-wite pakje ynruilje foar de koarte broek. Ik begryp goed dat minsken ferlet ha fan waarmte en gesellichheid, seker dit jier. Der is al safolle net. Mar it rint my allegearre wolris wat te folle troch elkoar.

Pipernuten lizze al yn augustus yn de winkel. De krystsfear raast je al temjitte at Sint Maarten noch net iens west hat en Sinterklaas noch ûnderweis is dizze kant op. En sûnt begjin novimber davert it bytiden al fan it fjoerwurk. Alles op syn tiid, soe ik sizze. Pipernuten komme der by ús thús net yn foar Sint Maarten, no ja ien lyts pûdsje dan. De krystbeam moat yn alle gefallen wachtsje oant 6 desimber en faak noch wol in wike langer. En fjoerwurk bewarje wy foar âldjiersjûn. Wy hâlde wat dat oanbelanget fêst oan âlde tradysjes. De krystbeam is noch in echte beam en wy brâne echte kearskes. Altyd dien, ek doe’t de bern lyts wiene. Ammerke wetter derby, sjonge ûnder de beam en dan de kearskes wer útblaze. Mar ik bin bang dat wy dizze slach ferlieze of al ferlern ha. It soe my net fernuverje as der dit jier guon binne dy’t peaskeaaien ite by it krystdiner.