Sport

EK korfbal: wethouder Libbe de Vries

Camera Sietse de Boer Potlood Niels van Marle

“It is hiel moai dat in EK kuorbaljen no ris net yn de grutte stêden spile wurdt, mar yn it noarden, in regio dêr’t it kuorbaljen o sa populêr is. En dat dan De Gordyk as spylplak keazen is, makket ús as gemeente Opsterlân hielendal grutsk. In toernoai dêr’t ek nochris twa Gordykster kuorballers oan meidogge: Erwin Zwart en Marjolijn Kroon.”

“De gemeente Opsterlân hat in grut hert foar it kuorbaljen en de sport yn it algemien. Sport is hiel wichtich foar elkenien. Sporte en bewege ha in soad positive útwurkingen. It bringt in soad minsken in protte fertier en plesier yn harren frije tiid. It is goed foar de sûnens en it draacht by oan it wolwêzen fan minsken. Boppedat hat sport ek noch in grutte sosjale funksje: minsken moetsje elkoar. En dat jildt hielendal op sa’n EK. Kuorballers út alle úthoeken fan Europa moetsje elkoar yn Fryslân. Hoe moai kin it wêze. Sportsintrum Koartsweagen wurdt ek wol it kuorbalwalhalla fan it noarden neamd. Dat is fansels te tankjen oan it LDODK-publyk dat foar in geweldige kuorfbalsfear soargje kin. Lit dat ek tidens dit EK sa wêze.”