Cultuur

Feel good op de Ulesprong

Camera Sietse de Boer Potlood Arend Waninge

Alsof het zo moest zijn. Regisseur Jelmar Hoekstra liep al langer rond met het idee dat de film Mamma Mia wel een mooi verhaal zou zijn voor een iepenloftspul. Ze liet het idee links en rechts al eens vallen. “En doe bellen se fan De Tynje. Sy hienen itselde idee.”

Naast het idee voor een stuk had de organisatie in Tijnje ook nog eens een prachtige locatie voor ogen: de theetuin van Frida op de Ulesprong. Met nog anderhalve week te gaan is het er een en al bedrijvigheid. De contouren van een theater zijn zichtbaar, maar het echte theatergevoel moet nog komen. De tribune komt pas op het laatste moment. Het is al wel duidelijk dat picknicktafels een belangrijk onderdeel zijn van het decor. Een rij tafels doet zelfs dienst als opmaat naar het skûtsje van Gjalt de Jong, die voor zijn zoveelste iepenloftproductie dit voorjaar in De Ulesprong neerstreek.

De locatie is volgens regisseur Jelmar Hoekstra bepalend voor de sfeer. “Yn de film bedarret haadpersoan Donna op in Gryks eilân op syk nei antwurden op har libbensfragen. Wy ha dat ferpleatst nei Fryslân. Ze bedarret no op De Ulesprong en begjint dêr in Bêd en Brochje. In goed iepenloftspul hat in link mei de lokaasje.”

Als regisseur bemoeide Jelmar zich nadrukkelijk met het script over de lotgevallen van Donna, haar dochter Sophie en de vragen uit het verleden (zie kader). Er waren duidelijke uitgangspunten. De twee films, de musical en het script van het iepenloftspul ‘Ik haw in dream’ dat in 2017 in Wergea werd gespeeld. “It is moai om der in eigen draai oan te jaan. Dat ha wy bygelyks dien troch der in pear ekstra personaazjes yn te bringen. Sa hat Donna by ús in suster, dy’t it ferhaal wat mear duide kin. Wêrom is Donna fuortrûn? Wêrom hat se har bern holden sûnder dat se wist wa’t de heit wie?”

Trouw, ontrouw, de relatie tussen moeder en dochter. Het klinkt als zware onderwerpen, maar dat is de productie volgens Jelmar allerminst. Ze wil de voorstelling ook absoluut geen boodschap meegeven. “Ik bin seker gjin moraalridder. Ik stipje wol dingen oan, mar jou gjin oardiel. Ik gean lykwols gjin ûnderwerp út de wei. Yn de film wurdt suggestyf oer homoseksualiteit praat. Dat doch ik net. It is in ferhaal fan alle tiden. It spilet yn de jierren 70 en 90, mar it hie ek hûnderten jierren earder spylje kind. It is wol in echte feelgoodfoarstelling.” De muziek van ABBA is daarin sfeerbepalend. Het maakt volgens Jelmar niet uit of je nu van de muziek van ABBA houdt of niet. “It is moai komponeard en it stiet as in hûs. It nimt je mei.”

Nummer vier

‘Wit jim mem it wol!’ is het vierde iepenloftspul dat in Tijnje wordt opgevoerd. Eerder waren er Jesus Christ Superstar (2010), De Piratewiven fan Kaptein Bree (2013) en Spetters! (2017). De organisatie laat dit jaar het uitgangspunt los dat de medewerkers vooral uit Tijnje zelf moeten komen. Een idee van het bestuur, maar ook van regisseur Jelmar Hoekstra. “Ast dit stik bringe wolst, moatte der audysjes wêze. Ik wit dat it in breuk mei it ferline is, mar de kombinaasje spylje, dûnsje en sjonge is hiel lestich. Dat kin net elkenien. It belang is oars as mei in doarpsferieniging. Dan moat elk dy’t meidwaan wol ek meidwaan kinne. Wy wolle no in kwaliteitsfoarstelling delsette en dan moatte jo ek op kwaliteit selektearje.”

Wit jim mem it wol!

Sophie wit wat se wol. Se hat it goed yn de holle. Se wol trouwe mei har grutte jeugdleafde. En se wol dat har heit derby is om har as breid wei te jaan. Der is lykwols in probleem: Sophie wit net wa’t har heit is. Se is grutbrocht troch har mem Donna en dy wol net oer it ferline prate. Stiekem lêst Sophie yn de deiboeken fan mem. Se ûntdekt dat der trije kandidaten binne dy’t har heit wêze kinne. Se beslút de mannen út te noegjen om nei de Bêd en Brochje fan har mem te kommen. En sa ferskine arsjitekt Sam, bankman Harry en avonturier Willem op it toaniel. Mar wa is de heit?

Ek Donna’s freondinnen Tanja en Sjoukje komme delsetten. Mei harren trijen wiene sy jierrenlang in muzikaal trio. Se wolle noch ien kear optrede, op it frijgesellefeest fan Sophie.

De trije mooglike heiten, de mem, de dochter, de freondinnen. Se binne in garânsje foar spannende konfrontaasjes. Mei harren sels, mei harren ferline en mei harren takomst. En it is mar de fraach oft der in brulloft komt. Wit jim mem it wol! is basearre op de films Mamma Mia! (2008) en Mamma Mia! Here We Go Again (2018).

Kaartverkoop

Het gaat heel goed met de kaartverkoop van Wit jim mem it wol!. De voorstellingen van 22, 24, 25, 28, 29 mei en 1 juni zijn al uitverkocht. Er is een extra voorstelling gepland op vrijdag 31 mei (20.30 uur). Kaarten zijn te bestellen via iepenloft.frl. Entreeprijs: 18,50 euro; t/m 16 jaar 16,50 euro.