Cultuur

Fryske dichtbondel van Sjoukje Veenstra

Camera Sietse de Boer Potlood Renske Woudstra

‘Gjin sprút feroare’, dat is de titel fan de earste Fryske dichtbondel fan Sjoukje Veenstra. Yn 47 gedichten hellet se tal fan ûnderwerpen oan. De bondel giet ûnder oare oer boatbewenners dy’t belies jaan moasten tsjin buertgenoaten, saneamde freonen en amtlike rigels.

Der stean ek gedichten yn oer de Fryske taal, de natuer, sterke famyljebannen en in lietsje oer in apart persoan. Froulju binne op dieet, moetsje elkoar en eamelje oer kwaaltsjes. It is in ôfwikseljende bondel, helder fan formulearring, mei djipgong en humor. Sjoukje har wize fan sjen nei moaie en treurige aspekten fan it libben sil mannichien oansprekke. ‘Gjin sprút feroare’ is it Fryske debút fan Sjoukje (1961). Sy hat yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op De Feanhoop oan dizze gedichten wurke. It is net har debút as skriuwer. Earder publisearre se yn it Nederlânsk: ‘Alles voor de vooruitgang’ (dichtbondel, 2009), Rellebel (ferhalenbondel, 2013) en ‘Weg ermee’ (dichtbondel, 2016). ‘Gjin sprút feroare’ kostet 13,95 euro.