Cultuur

Iepenloftspul Animal Farm hâldt audysje

Potlood Renske Woudstra

Iepenloftspul Opsterlân hâldt op saterdei 16 maart yn it Liphúster doarpshûs De Kobunder audysjes foar it nije stik Animal Farm, bargebiten. Om 9.30 oere bin spilers fan 16 jier ôf wolkom, om 12.00 oere bern oant en mei 15 jier.

Der wurdt ek songen yn de foarstelling, sjongakteurs bin ek wolkom. Der binne in soad rollen. De produksje giet op 11 septimber yn premjêre. De tekst fan George Orwell is troch Jehannes Ytsma yn it Frysk oerset. Der stean njoggen foarstellingen op de aginda. Doel is om te spyljen yn Sparjebird op ‘e Himrik. De rezjy is yn hannen fan Eline de Vries, bekend fan teaterselskip Tryater. Animal Farm giet oer in revolúsje op in buorkerij. De minsken wurde fuortjage en de bargen nimme stadichoan it heft yn hannen. De wichtichste útspraak wurdt: ‘Alle bisten binne gelyk!’ Mar de twa bargen Napoleon en Sniebal krije rûzje oer de macht. It libben op de buorkerij wurdt stadichoan beswierliker. Animal Farm giet oer de gefolgen fan macht.

It wurdt in famyljefoarstelling, mei sang, muzyk en dûns. Ynformaasje: produksjelieder Jelle Terwal, 06-3049 3981 of terwal.nicolai@telfort.nl.