Nieuws

Iepenloftspul wer útsteld fanwege min waar

Potlood Renske Woudstra

Iepenloftspul Opsterlân hat de foarstelling fan jûn, woansdei 11 septimber, útsteld nei snein 15 septimber (20.00 oere). “De waarfoarsizzingen foar jûn binne net goed”, siet produksjelieder Jelle Terwal.

De premjêre waard ek al ferskowd fan fan freed 6 nei sneon 7 septimber. “De premjêre op sneon is ek al ferreind. We spylje no dus trije kear yn it kommend wykein. Fingers crossed.” Kommend wykein liket it goed te kommen mei it waar.

Animal Farm spyldata

  • Freed 13 septimber
  • Sneon 14 septimber
  • Snein 15 septimber  (yn ferbân mei net trochgean woansdei 11 septimber is dit de ferfangende jûn)
  • Woansdei 18 septimber / reserve tiisdei 24 septimber
  • Sneon 21 septimber / reserve tiisdei 24 septimber
  • Woansdei 25 septimber / reserve sneon 28 septimber
  • Tongersdei 26 septimber / reserve sneon 28 septimber
  • Freed 27 septimber / reserve sneon 28 septimber

iepenloft-opsterlan.nl