Column

Ik wie smoar

Camera FotoNel Potlood Arend Waninge

Der bin minsken dy’t harren soargen meitsje oer de takomst fan ús memmetaal. Mar as ik om my hinne sjoch en hear, falt it wol wat ta.

Der wurdt noch rûnom Frysk praat, boppedat krij ik hiel wat appkes yn it Frysk. Je moatte efkes net te kritysk wêze oer de stavering, want dat liket nearne op. Mar it giet om it idee. De ôfstjoerders binne der blykber wol fan oertsjûge dat se yn harren eigen taal it meast mei gefoel kommunisearje kinne. En foar guon is appen it nije praten. Ik skriuw sels myn kollum ek it leafst yn it Frysk. Dat leit it tichtstby en sa faak docht bliken dat ús taal ryk is oan prachtige wurden en siswizen. Mar net elkenien kin it like maklik lêze, dat ik wikselje mar wat ôf mei it Nederlânsk. Ik bin ek mar in lytse winkelman, wy moatte elkenien in bytsje tefreden hâlde.

Yn de pear wike dat ik efkes gas werom naam ha, lies ik ûnder oare ‘Testamint fan de siel’ fan Hylke Speerstra. Oer twa âlde emigrearre Friezen dy’t ûnderfine dat de eigen taal en ôfkomst dochs neier binne as dat se lang tocht ha. Moai opskreaun. At je dan ris efkes in skoft mei de bern op paad binne, docht bliken dat it Frysk ek yn de feesttinten noch folop meiâle wurdt. Op âldjiersdei hienen wy it mei elkoar mei trichtich graden op de termometer oer de Fryske top 100.

Wy âlderen lieten de jongerein yn de kunde komme mei ‘De begraffenis van omke Wopke’ fan Doede Veeman, ‘Alwer in Fries’ fan Bauke en Greetje en ‘Grutte grize fûgel’ fan Frederike Kleefstra. Se fûnen it wol aardich, mar der siet net folle gong yn, sa krigen wy te hearren. De jongerein wist wol better en dus klonk oer in Karybysk terras ynienen ‘Ik wie smoar’ fan Oele Plop, ‘By Melle’ fan De Doelleazen, ‘De Herder’ fan De Hûnekop en fansels ‘De mem fan Doutzen’ fan Strawelte. De tekst koe wat ús oanbelanget bytiden wol wat subtiler, mar se songen it wurd foar wurd mei. Ik koe my foarstelle dat it yn de feesttinten sa wol hiel gesellich wêze kin. Mei it Frysk komt it wol goed. In moai begjin fan it nije jier!

Arend Waninge

 

Delen