Historie

It hurdriderspear Jouke en Anke

Camera Sietse de Boer Potlood Anne Veenstra

Oan ‘e ein fan de njoggentjinde iuw wenne op ‘e hoeke fan It Weike en It Easterein yn Koartsweagen kastelein Jouke Sites Schaap. Yn dy jierren krige hy de grutste bekendheid as reedrider. Troch syn krêftige slach en goed úthâldingsfermogen bleau hy in grut tal jierren de fluchste op ‘e koartebaan. 

De earste kear dat syn namme op it wedstriidformulier foarkaam wie op 26 jannewaris 1869, op de reedriderij fan ‘Eendracht’ op ‘e Gordyk. Yn de wedstriid foar ‘manspersonen boven de 15 jaar’ waard Lomme Bosma fan Ketlik earste (100 gûne) en Jouke Schaap twadde (20 gûne). De yn 1846 yn Lippenhuzen berne Jouke wenne doe yn Jobbegea. Tegearre mei de geweldige rydster Anke Beenen fan Langsweagen wûn er jierrenlang in protte prizen. Hy hie mei pearriden eins it measte súkses.

It pear fûn elkoar doe’t Jouke graach ris meidwaan woe oan it pearriden op ‘e Tynje, mar gjin geskikte efterrydster fine koe. In broer fan Anke Beenen sei doe dat Jouke syn sechtjinjierrige suster mar freegje moast. Dat bliek in goede kar te wêzen, sy wûnen de wedstriid. Achttjin jier hawwe Jouke en Anke tegearre riden en sy wûnen in soad prizen yn Fryslân én Hollân.

IIsklup Thialf op It Hearrenfean hat yn har direksjekeet in fersiering oanbrocht, unyk en tekenjend foar de populêrens fan it twatal. Doe’t Thialf op 22 desimber 1879 har sulveren jubileum fierde, wie yn de foargeande nacht foar it hûs fan de boargemaster in grutte poarte fan iisblokken boud, dêr’t trije yn hout útsniene figueren troanen: de iisgod Thialf én Jouke en Janke, it ferneamde hurdriderspear. Anke waard foarsteld yn har boarstrok mei koarte rok, bleate earms en ynbliere troanje, krekt lykas sy op ‘e baan ferskynde.

De bylden ha dêrnei noch jierrenlang pronke yn de direksjekeet, mar binne spitigernôch by de bou fan in nije keet weirekke. Yn it tydskrift Sljucht en Rjucht fan febrewaris 1929 stie in rymke út 1879 fan de Gordykster Simon Jans de Jong, opdroegen oan hurdrider Jouke Schaap.

Oan de hurdrider Jouke Schaap

Do kinst it hurdst fan allegear
Do teachst nei mannich wedstriid hinne
Mei rom en eare kearste wer
Lit frij de oaren Okke priizgje
Him foarspoed winskje, lok en sein;
Ik sil dyn rom en gloarje sjonge
O, Jouke fan ’t Easterein.
De tillegrammen, dy’t hjir kamen
Út stêd en doarp en dei oan dei.
Dy dogge my it drystwei sizzen:
Do komst Thialf it meast neiby.

 

Anne Veenstra is berne yn Appelskea en as seisjierrich jonkje ferhuze nei it Easterein yn Koartsweagen. Hy is letter nei Drinte ferhuze om as ûnderwizer foar de klas te stean. Hy wennet al jierren yn Rolde, mar folget de ûntwikkelingen op De Gordyk noch altyd. As hobby skriuwt hy stikjes yn it Frysk oer syn herinneringen oan De Gordyk.