Sa! yn petear mei

Kijk en Luister naar Sa Yn Petear mei…. De Himrik

Camera Sietse de Boer Potlood Arend Waninge

Ook in 2022 gaan we verder met de maandelijkse serie Sa! yn Petear mei… We hebben ook nog niet alle dorpen in ons verspreidingsgebied gesproken. Hemrik is het eerste dorp dat dit jaar aan bod komt. Met in de krant aandacht voor een horeca-echtpaar, de dorpsaannemer, de ijsclub, Speelbos Sparjebird en een bijzondere jonge marathonschaatsster. Kijk en luister hier naar een gesprek met vier Hemrikkers over het leven in hun dorp.

Jantine Teakema
(Jongeren)

‘Ik bin 22 en wenje op mysels. Hiel folle fan myn leeftyd wolle dat wol, mar der binne weinich wenningen. Jongeren fine it moai om yn De Himrik te wenjen. Wy dogge ek in soad mei elkoar en at der in fraach út it doarp komt, wurkje wy oan in soad dingen mei. Wy ha in moaie ferboude keet by ús thús stean. Dêr komme wy eins alle wiken wol. Sa binne wy moai fan de strjitte. Wy fine it gesellich en net ien hat lêst fan ús.’

Jelke van der Velde
(Witte Kerk)

‘Wy binne oan it sjen hoe’t it fierder moat mei de aktiviteiten yn it Wite Tsjerkje. It kin by konserten best drok wêze, mar wolle minsken daalk noch wol sa deun op elkoar sitte? We gean troch mei it Bêd en Brochje; yn de earste simmer binne der sa’n tritich oernachtingen boekt. Dêr binne wy bliid mei. De keunstferkeaptentoanstelling ArtSuper komt ek wer werom, yn trettjin edysjes ha wy al foar 300.000 euro oan keunst ferkocht.’

Durk Wagenaar
(Wampex)

‘De Wampex is in route fan sa’n 25 kilometer oeral dwers- trochhinne. Mei wat ferstân moatte de dielnimmers it paad fine. De earsten starte om seis oere jûns en at de oare moarns om sân oere alles wer binnen is, dan giet it bêst. De snelsten binne yn fiif oeren werom. De ploegen dy’t it paad kwyt rei- tsje, dat binne de moaisten. It is no twa kear oergien, mar ik rekkenje derop dat wy der takom jier wer binne.’

Tjisse Visser
(Plaatselijk Belang)

‘Us skoalle wurdt langsaam lytser. Wy binne op syk nei trochstroommooglikheden foar jongeren, mar ek foar âlderen dy’t wat lytser wenje wolle. Wy ha no in plan foar 14 oant 16 wenningen op in terrein fan goed 7.000 m2 achter it Doarpshûs. De grûn is fan de gemeente, dat skeelt. Wy wolle graach foaroan stean at der daalk wer nije wenningen ferdield wurde.’

Delen