Sa! yn petear mei.. Oerterp

Kijk en luister: Sa! yn Petear mei Oerterp

Camera Sietse de Boer Potlood Arend Waninge

Vanwege de coronamaatregelen was het een aantal maanden niet mogelijk om in het kader van Sa! yn Petear een rondetafelgesprek te organiseren. Maar dit keer is het wel weer gelukt! In mfc De Wier zaten vier mannen coronaproof op voldoende afstand van elkaar. Om met Arend Waninge, hoofdredacteur van Sa!, te praten over Ureterp.

 

Bote Galema
(Voorzitter Plaatselijk Belang)

‘Oerterp wurdt hieltyd grizer. Dat spilet al in pear jier. De jeugd wol hjir graach bliuwe, mar it is moeilik om hjir in hûs te krijen. Se komme somtiden wol werom, mar it is net goed foar Oerterp dat de jeugd hjir net te plak kin. En dan binne wy ek noch in groeikern, mar it giet net hurd genôch.’

Sietze Boonstra
(Voorzitter Oerrock)

‘Oerrock kin dit jier wer net trochgean, it is net oars. Mar wy binne noch wol dwaande om wat te betinken foar Himelfeartsdei. Dêr kin ik allinnich no noch net safolle oer sizze. Wy ferwachtsje dat der yn de simmer noch wol festivals komme, kinne wy dêr sjen hoe’t it yn de nije tiid kin.’

Date Boekema
(Ondernemer en centrummanager)

‘Der binne hiel wat stúdzjes west oer it winkelsintrum yn Oerterp, mar dat hat eins neat opsmiten. De earste levensbehoeften binne hjir te krijen. Dat is it en dêr moatte wy ús by deljaan. It Lijteplein mist in grutte lûker, mar der kin yn de panden ek net fan alles. Dat is jammer. Mar it is sa’t it is.’

Henk de Jong
(Exploitant mfc De Wier)

‘Wy wolle graach wat reuring. Der binne normaalwei 42 fêste hierders fan ús romten, mar ik tink dat we fuort net wer werom op it âlde nivo binne. Wy hiene ek nochal wat regionale en provinsjale byienkomsten, mar ik hâld der rekken mei dat minsken der earst noch wol skruten foar binne om nei dit soarte jûnen te kommen.’