Cultuur

Lekepreker Jan Dirk van der Zee werom yn Koartsweagen (Vodcast)

Camera Siebe Kuipers Potlood Sa!Media Map Amateurvoetbal

Sûnt 2015 noeget it tsjerkje fan Koartsweagen minsken út om in Preek fan de Leek te hâlden. De lekeprekers ha meast in bining mei De Gordyk en omkriten en fertelle in persoanlik ferhaal. Troch de corona koe dat fansels it ôfrûne jier net trochgean, dus betochten se wat oars. Trije eardere lekeprekers binne frege noch in kear nei Koartsweagen te kommen. Foar in ferfolchpetear.

Yn de earste ôflevering is Jan Dirk van der Zee, direkteur amateurfuotbal by de KNVB, werom yn Koartsweagen. Hy giet yn petear mei Arend Waninge, haadredakteur fan Sa! en sidekick Gouke de Vries, foarsitter fan kuorfbalclub LDODK.

De mannen prate oer fuotbal en oer de gefolgen fan de coronakrisis op de sport. Mar it giet ek oer it belang dat sport ynnimt yn de maatskippy en oer hoe’t dat feroarje moat. Jan Dirk van der Zee hat dêr in dúdlik ferhaal oer.