Cultuur

Lida Dykstra langer Berneboeke-ambassadeur

Camera Sietse de Boer Potlood Arend Waninge

Knipe Berneboekeskriuwer Lida Dykstra fan De Knipe sil ek yn 2022 Berneboeke-ambassadeur wêze. Omreden fan it útfallen fan skoalbesites en oare aktiviteiten yn it ôfrûne koroanajier is dit yn oerlis mei Boeken fan Fryslân besletten.

Lida Dykstra is bliid mei dizze kâns. “It is sok moai wurk: foarlêze, prate mei de bern, skriuw- en lêstips jaan, mei de hiele groep in ferhaal ymprovisearje. As in bern nei ôfrin freget: ‘Tinkt Lida dat ik dit boek ek yn de biblioteek liene kin?’ of ‘Juf, meie wy fan ’e middei ferhalen skriuwe?’, dan wit ik daalk wêr’t ik it foar doch.” Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht. berneboekeambassadeur.frl

Delen