Historie

Nei it Flora-teater foar Sissi en Tarzan

Potlood Anne Veenstra

Oft it no op woansdei of tongersdei wie wit ik net krekt mear, mar op ien fan dy dagen seagen wy, as wy fan de ulo op ‘e Gordyk nei hûs yn Koartsweagen fytsten, efkes yn de fitrinekast njonken de foardoar fan Hotel Wiegersma oan de Haadstrjitte op ‘e Gordyk.

Yn de fitrinekast hongen dan moaie platen fan de film, dy’t yn it wykein draaie soe yn it Flora-teater boppe Hotel Wiegersma. Ek hong it oanplakbiljet fan Miedema-Sneek der, de eksploitant fan de films dy’t yn de Gordykster bioskoop draaiden.

As it Nederlânske fuotbalalvetal yn april of oktober tsjin België spile hie en wy woene de moaie goal fan Abe Lenstra of de ferneamde dribbels fan Faas Wilkes sjen, dan moasten wy fjirtjin dagen letter nei it Flora-teater. Televyzje wie der ommers net en de iennichste mooglikheid om inkele bylden fan de ‘derby der lage landen’ te sjen wie yn it Polygoonsjoernaal, foarôfgeand oan de reklame en de film fan dat wykein. Wy hopen dan op in film foar alle leeftiden, want wy mochten net nei dy fan boppe de achttjin. Der wiene fjouwer mooglikheden om de film yn in wykein te sjen: saterdeitejûns om acht oere en sneins om trije oere middeis en jûns om sân en njoggen oere. Dy lêste wie te let fansels!

De famylje Wiegersma bestie út heit en mem, trije jonges en dochterke Jenny. De jongens binne alle trije foar de Twadde Wrâldoarloch berne. Jenny hearde ta de babyboomers, de berteweach dy’t krekt nei de oarloch ûntstie. Tredde soan Hans, in grutte fint, wie fan myn leeftiid. As wy nei de film giene, dan troffen wy meastal in grut part fan de famylje. Frou Wiegersma of ien fan de grutte jonges ferkocht de kaartsjes by de doar, ûnderoan de trep. Fan boppen hold ien fan de jonges of Wiegersma sels de boel wat yn ‘e smizen en sy kontrolearren de kaartsjes. Nei’t wy troch de klapdoarren wiene stie Geartsje van der Hoef, de âldste dochter fan sealmakker Tinus van der Hoef oan de Langewâl, klear om ús it plak te wizen. Dat wie meastal in pear stuollen heger as it echtpear Wilkens, dat altyd stiif foaroan siet. Sy wennen op in lyts skipke oan de Tsjerkewâl op ‘e Gordyk, tichteby ‘it waarme hoekje’. Wilkens libbe op syn plakje fan twa kwartsjes altyd fûleindich mei mei de aventoeren op it wite doek. Us plakje koste trije kwartsjes.

Ik weagje my der net oan om it moaier te sizzen as Rink van der Velde yn De Woudklank fan tongersdei 9 novimber 2006: “It Flora-teater wie rêstich en smûk. Dêr tocht de eksploitant Wiegersma wol om. It wie eins menear Wiegersma, in langliddige en minlik glimkjende man, mar foar ús o sa strang! Hy stie yn ‘e doar, seach de jongesbank oer en dan woenen wy wol om lyk. Letter yn it kafee bepaalde mefrou Wiegersma wat wy ha mochten: wat alkoholfrij suertsjewetter of in licht sitroentsje, bessentsje of fladderakje. En net mear as twa. Bier krigen wy net.”

Master Wapstra hie op de legere skoalle yn Koartsweagen de klassen fiif oant en mei acht (dat soe no 7 o/m 10 wêze). Ienris yn it jier giene wy tagelyk mei de legere skoallen op ‘e Gordyk nei it Flora-teater en dan hold it boechbyld fan Artis Amsterdam, Anton Portielje, in praatsje en draaide dêrnei in prachtige natuerfilm. Mei de opslûpene jonges gie ik yn de bongeljierren nei Tarzan- en cowboyfilms en yn de begjinjierren fan ús ferkearing nei ‘Hi Lili, hi Lo’ mei Audrey Hepburn en Mel Ferrer en fansels nei de Sissi-films mei Romy Schneider en Karlheinz Böhm. Letter keazen wy foar sjongfilms lykas ‘Richard Tauber’ mei Rudolf Schock en ‘High Society’ mei de ferneamde stjerren Grace Kelly, Bing Crosby, Frank Sinatra en Louis Armstrong. De televyzje hat ús út de bioskopen holden, mar lokkich loadsten de bernsbern ús der wer in per kear hinne!

Anne Veenstra is berne yn Appelskea en as seisjierrich jonkje ferhuze nei it Easterein yn Koartsweagen. Hy is letter nei Drinte ferhuze om as ûnderwizer foar de klas te stean. Hy wennet al jierren yn Rolde, mar folget de ûntwikkelingen op De Gordyk noch altyd. As hobby skriuwt hy stikjes yn it Frysk oer syn herinneringen oan De Gordyk.