Nieuws

Nij Frysk berneboek: ‘ús reade striid’

Camera Sietse de Boer Potlood Renske Woudstra

Janny van der Molen hat in nij boek út foar bern fan 10 jier en âlder: de op wierheid basearre roman ‘It Deiboek, ús reade striid’. In twatalich ferhaal oer in Frysk famke (Geartsje) fan doe en in ‘Hollânske’ jonge (Niels) fan no: wat hawwe dy mei-inoar te krijen? Wat is der oan ‘e hân mei in skilderij en hokker rol spilet it deiboek fan Jehannes de Groot?

In (foar in part wier bard) ferhaal oer striid, moed én echte freonskip. Geartsje hat skjin har nocht fan de djippe earmoede, de honger en de kjeld. Se wol in better libben foar har heit en mem, foar harsels en foar alle oare minsken yn ús lân. Dêr wol se foar stride, ek al is har mem dêr poer op tsjin. En stride docht se, mar dat bringt har swier yn ‘e problemen… Niels uit Tilburg komt met zijn familie in het Friese Boazert terecht als zijn moeder burgemeester wordt van Boazeradiel. Echt blij wordt hij daar niet van. Het is saai en leeg in Boazert. Niels mist de stad en zijn vrienden. Had hij maar een ‘gewone’ moeder, eentje die minder opvalt.

Janny van der Molen publisearre yn 2007 har earste boek by Uitgeverij Ploegsma. Har boeken litte harren foaral typearje as ferheljende non-fiksje en geane bygelyks oer skiednis, filosofy, psychology en wittenskip. Dêrom wurde se ek wol brûkt yn it ûnderwiis. Ferskate fan har titels binne oerset. Har lêzers binne 9 jier en âlder. Ek folwoeksenen wurdearje har wurk. Yn 2018 kaam har earste oarspronklik Fryske boek út by Bornmeer: ‘De trije klokketiers fan Koartsweagen’. Maatskiplike belutsenheid rint as in reade tried troch it wurk fan Van der Molen. Se wol mei de boeken graach bern helpe om it bêste út harsels te heljen en oaren te helpen om dat ek te dwaan. ‘It deiboek, ús reade striid (notysjes fan Jehannes de Groot)’ telt 180 siden en kostet 16,50 euro.