Column

Pandeksels

Camera FotoNel Potlood Arend Waninge

No meie wy blinder mei âld en nij wer gjin fjoerwurk ôfstekke. De boargemasters wolle it, krekt as ferline jier, net lije. Ik jou jim op in briefke dat it der mei de jierwiksel noch mâl omwei gean sil, krekt as ferline jier.

Der is nammentlik nochal wat yllegaal fjoerwurk yn omloop. En oars sette de mannen de kont wol yn de auto en ride se nei Dútslân om it by de supermerk yn te laden. Sa soe it net moatte, mar sa giet it al. En de sikehûzen binne al hielendal net rêden at de winter dit jier al in kear betiid ynfalt en we ein dit jier in echte iiswinter krije. Dan krije sy it drok mei riders dy’t it net op de fuotten hâlde. En riden ferbiede giet wol hiel fier….

My kin dat fjoerwurk net safolle skele. Ik fyn it wol moai, al wie ik der as bern jierren deabenaud foar. Mar hjoeddedei ha ik der mear ergernis as wille fan. Foaral omdat tefolle minsken der net mei omgean kinne en dêrom oare minsken nei tolven de dyk net mear op doarre. En mei-elkoar bûten it nije jier ôfwinne, dat is no krekt it aardige fan âld en nij.

Mar miskien is der in alternatyf. Wy wiene yn it ferline mei âld en nij ek wolris op fekânsje yn Frankryk. Dêr wie fjoerwurk omdat wy it meinamen. Mar dy Frânsen diene der net folle oan. De Italianen hienen har eigen tradysje. Sy stiene nei tolven op it balkon pandeksels tsjin elkoar oan te slaan. Sille wy dat ek ris probearje? Wol sa goedkeap, elk doart de strjitte wer op en de kâns op ûngemakken is in stik lytser. En at der dan al ien in finger tusken twa deksels kriget, is it mei in pleister of in drukferbantsje wol op te lossen. Bliuwt it rêstiger yn it sikehûs.

Delen