Nieuws

Takomst Frysk amateurtoaniel

Camera Sietse de Boer Potlood Arend Waninge

Staf Fryslân, de oerkoepeljende organisaasje foar de amateurtoanielselskippen yn Fryslân, makket har klear foar de folgjende 100 jier. It bestjoer giet tidens fiif regiojûnen yn petear mei de 148 oansletten toanielselskippen.

Doel is om te kommen ta in mearjierrich takomstperspektyf foar it Fryske amateurtoaniel. Op 16 septimber is ien fan de jûnen yn Nij Beets. It Staf wol de unyke organisaasje fan toanielselskippen graach yn stân hâlde en in skerpere koers farre. Der binne plannen om Fryslân op te dielen yn fiif regio’s mei as doel tichter by de oansletten selskippen te stean.

Staf wol fanút de regio de toanielselskippen stypje mei it jaan fan feedback op wat se meitsje en hoe’t se wurkje en advisearje by it meitsjen fan in produksje. De kompetysje fan de toanielkriich moat bestean bliuwe, mar der wurde per regio selskippen en persoanen nominearre foar bêste spiler, bêste spylster, grutste jong talint, bêste technyk, bêste foarmjouwing en de bêste muzyk. De nominearden wurde op de Slútjûn yn april bekend makke.

Fierder is it doel fan Staf it spyljen fan ienakters in nije stimulâns te jaan mei as úteinlik doel in Frysk ienakterfestival. It Staf leit har plannen út op de regiojûnen, de oanwêzigen kinne dan reagearje. Jos Thie sil fertelle oer syn persoanlike ûnderfiningen mei it amateurtoaniel yn Fryslân. Gearwurkingspartners Keunstwurk en NHL/Stenden oplieding dosint teater binne oanwêzich om ynformaasje te jaan oer de mooglikheden foar stipe troch harren organisaasje. staf-fryslan.nl