Ondernemen

Thuishuis Tomke en twatalich wurkjen

Camera Sietse de Boer Potlood Arend Waninge

Yn 2016 behelle Gjilke de Rooi op har berne-opfang Thuishuis Tomke it sertifikaat ‘boartsjendewei in taal derby’ omdat se foldie oan in oantal rjochtlinen wêrmei’t de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern stimulearre wurdt.

De ôfrûne jierren is dat belied trochsetten, tegearre mei meiwurkers Melanie en Mandy. It twatalich belied sjocht der by Thuishuis Tomke as folget út: alle trije pedagogysk meiwurkers prate konsekwint Frysk tsjin alle bern, it Nederlânsk krijt in plak by ôfbeakene aktiviteiten lykas foarlêzen en sjongen. Der wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te goede komt. Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal. Geregeldwei komt der in fisitaasjekommisje te sjen hoe’t it giet mei it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Nei de lêste besite hat Thuishuis Tomke op ‘e nij it sertifikaat krigen.