Cultuur

Tomke yn ‘ bibleteek yn Oerterp en op De Gordyk

Potlood Arend Waninge

Hoera, Tomke is 25 jier! Dêrom komt hij op woansdei 16 juny nei de bibleteek fan De Gordyk en Oerterp om syn jierdei te fieren!

Janneke Brakels jout hjirfoar in leuke sjong- en swingwurkwinkel foar pjutten.

Dat wurdt in grut feest, want der binne in hiel soad dingen dy’st fiere kinst: sels dyn jas tichtritse kinne, de sinne op ’e snút of pindakaas op in beskút. Feestje! Sels de dingen dêr’st miskien noch net lyk oan tinkst, hawwe wy sa tegearre wat gesellichs fan makke. En witst wat no sa moai is? Der binne mar leafst sân dagen yn ’e wike om wat te fieren! Mei muzyk, leuke moves en échte ynstruminten is elk feestje kompleet!

Janneke komt lâns om dit feestje te meitsjen mei de pjutten troch se lekker mei sjonge en swinge te litten.

Nei dit feest kin eltsenien noch mei Tomke op de foto! De âlders moatte wol sels in kamera meinimme.

Tomke en Janneke binne op 16 juny yn ‘e bibleteek fan De Gordyk (9.30-10.00 oere) en Oerterp (13.00–13.30 oere).

It kostet 2,50 euro per pjut.

Op syn meast 15 pjutten (mei 1 folwoeksene as begelieding)

Opjaan kin fia de webside www.bzof.nl (ûnder activiteiten-agenda), of by de baly fan de bibleteek.

 

 

Delen