Cultuur

Tryater spilet húskeamerfoarstelling yn Lippenhuzen

Camera Moon Saris / Siem Akkerman Potlood Arend Waninge

Wa bin ik en wêr bin ik thús? Wenje en wurkje drage by oan de foarming fan ús identiteit. Dêrom spilet Tryater Doarp Europa op plakken dêr’t minsken har eigen fiele: yn húskeamers en by bedriuwen.

Op snein 11 novimber om 15:00 oere binne 3 fan de 9 spilers fan Doarp Europa (Aly Bruinsma, Sjoerd Blom en Sonia Zwolska) te gast by Gitta Ligthart thús oan de Trijehoek 20 yn Lippenhuzen. Sy spylje dêr in húskeamerfoarstelling dy’t sjoen wurde kin as in prolooch op de lokaasjefoarstelling Doarp Europa. Kaarten (€7,50) binne allinne yn de foarferkeap te keap fia www.tryater.nl of 058-2539550 (ti. en to. 14:00-17:00 oere), net oan de doar.

De lokaasjefoarstelling Doarp Europa mei spilers Aly Bruinsma, Beppe Costa, Klaus Jürgens, Marjolein Ley, Eva Meijering, Romke Gabe Draaijer, Brecht Wassenaar, Sjoerd Blom en Sonja Zwolska is op tongersdei 29 novimber om 20:00 oere te sjen yn de boekehal fan Steven Sterk op ‘e Gordyk.

Dizze meartalige foarstelling makket diel út fan it haadprogramma fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. De húskeamerfoarstellingen en it ferdjippingsprogramma fan Doarp Europa binne mei mooglik makke troch it BankGiro Loterij Fonds.