Nieuws

Van ‘goed plan’ tot ‘âlde Skâns is better’

Camera Sietse de Boer Potlood Arend Waninge Map Mfa Gorredijk

Nadat de gemeenteraad vorige week maandag over het voorlopig ontwerp van de mfa Gorredijk sprak, was het donderdagavond de beurt aan de inwoners van Gorredijk. Tientallen Gordyksters werden bijgepraat over de ontwikkelingen. Ze konden hun vragen kwijt aan de leden van de werkgroep.

Aanwezigen verbaasden zich over het feit dat noch wethouder Anko Postma noch één van de raadsleden aanwezig was om te luisteren naar wat de Gordyksters van het plan vonden. De aanwezigen konden op een grote ‘artist impression’ plakkertjes plaatsen met wat ze van de buitenkant van het gebouw vonden. Het varieerde van heel positief tot heel negatief. Enkele reacties uit de zaal:

Bouke Posthumus:
‘Ik freegje nei de stedebouwkundige fisy fan it plan. Mar dêr komt mar gjin antwurd op.’

Wytze Kooi:
‘No’t blykt dat de bern fan de basisskoalle gymnastykje kinne op de BHS, kin De Skâns en de basisskoalle ek wol omdraaid wurde. Dan kriget De Skâns in folle bettere sichtlokaasje. De Skâns ferstopje tusken de beide skoallen is in ferkeard beslút.’

Roel Falkena:
‘De grutte seal kriget 220 stuollen. Dat is in doarpshûssealtsje. At jim dat wolle moatte jim sa trochgean, oars fuortdaalks stopje.’

Piet Posthumus:
‘Hiel snel begjinne te bouwen en ophâlde mei dat geseur oer de teaterseal, dy sit mar in pear kear yn ’t jier fol. En folle fan de tsjinstanners sjochst hjir dan net. En moatst sjen yn wat in âld gebou at de skoalbern no sitte. Sa snel mooglik los.’

Roel de Boer:
‘Ik leau der neat fan dat de hiele Gordyk tsjin is. En sjoch om dy hinne. It is hjir allegear âld en griis folk. Wêr is de jeugd fan De Gordyk? Om harren giet it daalk. Wy bouwe foar de kommende generaasje. Sy hienen hjir yn grutte oantallen wêze moatten. Se fine it blykber wol goed.’

Gerk Jan Rinsma:
Hjir gebeurt iets wêr’t folle minsken op tsjin binne. Dat moatte jim goed begripe. En de bûtenkant seit net safolle. Wy wolle witte hoe’t de binnenkant der útsjocht.’

Henk Hoen:
‘Dizze jûn is wer in rommeltsje, mar dat past hiel moai by it hiele proses. Ik wol net roppe en raze, mar diskusje en dat kin hjir wer net.’