Frysk

Wethâlder Libbe de Vries wol omslach yn tinken 

Camera Sietse de Boer Potlood Arend Waninge

Hy fielt him yn alles in Fries. “It is in wichtich diel fan myn identiteit.” As wethâlder fan de gemeente Opsterlân wol Libbe de Vries no yn petear mei boargers en ynstânsjes om it Frysk better op de kaart te setten. “Net mei rigeltsjes, mar troch minsken te ferlieden it Frysk mear te brûken.” 

It soe samar ris wêze kinne dat trijekwart fan de ynwenners fan Opsterlân thús Frysk praat. Neffens wethâlder Libbe de Vries (PvdA) is it brûken fan de memmetaal yn it ynformele sirkwy hjir dan ek hiel gewoan. “Mar wurdt it allegearre wat formeler, dan skeakelje hiel wat minsken fuortdaalks oer nei it Nederlânsk.

Dat hat ek mei de status fan de taal te krijen. Sjochst it ek by de jongerein. Op de middelbere skoalle prate se ûnder elkoar faak Nederlânsk. En út ûndersyk docht bliken dat at se dat ien kear dogge, it ek faak sa bliuwt. Ek al prate se oars wol Frysk. Ik begryp hoe’t it giet, mar fyn it wol spitich.  

Wat foar gefoel ha josels by it Frysk?
“It is in grut part fan myn identiteit. Wêrit kin, praat ik Frysk. Ek yn it formele sirkwy begjin ik altyd yn myn memmetaal. It is de taal fan myn hert, ik kin myn gefoel deryn kwyt. Sjoch ris nei de jeugd. Der wurdt hiel wat yn it Frysk apptek al is it fonetysk. Sy brûke it Frysk ek as taal fan harren gefoel. Mar wy Friezen kinne de taal ek brûke om grutsk te wêzen op ús mienskip.”  

Hoe giet dat op it gemeentehûs?
It belied is dat wy folgjend binne. At minsken ús yn it Frysk oansprekke, foar de tillefoanof yn mail of brief, dan antwurdzje wy ek yn it Frysk. De buordsjes yn de hal fan it gemeentehûs binne twatalich. Ik wol der graach in skepke by op dwaan. It moat eins gewoan wurde dat wa’t Frysk praat ek yn it Frysk begjint. 

Binne wy dêr net te beskieden foar?
‘Dat soene wy net wêze moatte. Ek yn winkels en yn gearkomsten kinne wy mear Frysk brûke. At de gesprekspartner it net ferstiet kinne je altyd noch omskeakelje. No begjint men faak yn it Nederlânsk, wylst beiden miskien wol Frysk prate?

Dat moatte wy eins omdraaie. Ferjit ek net dat bygelyks toeristen ûnder oare graach nei Fryslân komme fanwege de kultuer, it gefoel en de taal. Frysk is yn de rest fan it lân reedlik hip. Friezen steane bekend as noflike minsken. Sprek se mar oan yn it Frysk. De measten ha dêr gjin beswier tsjin.”  

Hoe wolle jo dy omslach berikke?
“Wy wolle om de tafel mei ynwenners en organisaasjes. En wy sjogge yn ús eigen organisaasje. Wat is helber, wat is betelber. Ik ha it gefoel dat der yn de gemeenterie ek wol in mearderheid is om der in toskje by te setten. Wy kinne mei subsydzje no in amtner op it Frysk belied sette. Doel is om dan fan ’t simmer mei in útwurke plan te kommen.” 

Wat is de rol fan de âlders yn dit ferhaal?
It giet om bewustwurding. De bern meartalich grutbringe heart dêrby, al wit ik út eigen ûnderfining dat dit ek dreech wêze kin. By my thús is Nederlânsk de fiertaal, de bern ha it letter gelokkich wol oppakt. De gedachte dat bern dy’t thús Frysk prate net goed Nederlânsk leare is al lang achterhelle. Frysk is net in minderweardige taal. 

Mar it is wol wichtich dat âlders konsekwint in taal goed pratenet te bot hinne en wer hippe. Wy Friezen binne goed yn it fluch omskeakeljen nei it Nederlânsk, wy passe ús gau oan. Dat sjogge bern fansels ek. Dat kin by harren ek in raar gefoel oer de eigen taal jaan.” 

Skoallen spylje ek in wichtige rol, mar wat hat de wethâlder dêr noch oer te sizzen?
“Net folle. Mar ik wol graach mei de skoallen yn petear. It gefoel en it begryp foar de taal moatte wy ynbêdzje yn de kultuerhistoarje, yn it eigene fan ús gebiet. Dat dogge sy yn de Stellingwerven hiel goed. 

Miskien kinne wy mei taalcoaches de learkrêften helpe. De beweechcoaches helpe de masters en juffen om better bewegingsûnderwiis te jaan. Taalcoaches soene dat mei it Frysk dwaan kinne. Fryske les is ferplichte op skoallen, mar skoallen bepale harren eigen nivo. Dan hinget it faak op de minsken. En at it begjint te knipen yn de oeren, dan wurdt it Frysk faak as earste oan de kant skood. Sa soe it net moatte. 

Mar hoefolle âlders binne sels it Frysk machtich? 
Dêrom moat it mes eins oan twa kanten snije. Fia de bern kinne wy ek de âlders berikke. It sjongen fan Fryske ferskes kin al gau, Frysk foarlêze ek. It doel moat ek net wêze dat alle bern perfekt Frysk prate, skriuwe en lêze.

Mar de bern dy’t it wolle, moatte it wol leare kinne. En ik wol al hielendal net mei tafersjoch en sanksjes en sa wurkje. It optwingen fan it Frysk wurket net. Wy kinne wol better ús bêst dwaan om minsken te ferlieden it Frysk better te brûken. Dan hâldst de taal libjend.