Ingezonden

Ynstjoerd: Himmelje en jas fuort

Potlood Redactie

Sneontemiddei binne myn maat J. en ik swerfôffal oan it romjen op it terrein by de rotonde oan ‘e Stasjonwei, njonken de GGD-ZuidOostZorglokaasje. Der leine in soad resten fan fjoerwurk, it waakse ús al in hiele tiid yn ’e eagen.

Wy romje wol faker en dan brûke wy de app Helemaal Groen, dy registrearret de route dyst ôflein hast. In oare gebrûker kin dan sjen wêr’t al romme is. Hawar, der lei safolle rotsoai dat de jas kaam der by út. Wy hiene al fiif sekken fol en hiene ek noch in kroade fol rommel dat net yn in sek paste.

Doe ha wy it terrein noch fierders oereide, sammelen noch twa sekken fol rommel en doe werom nei de kroade en de jassen. Mar wat in teloarstelling, de jas fan myn maat fuort! Mar net allinnich de jas, dêryn ek syn mobieltsje, de beurs mei paskes, IDkaart, rydbewiis en noch wat kontant jild.

Immen hat de jas meinaam en hat no in beswierre geweten tinkt my of hy brûkt it net. Noch slimmer. It gie de persoan ek net om it jaske, want mines wie moaier en dat lei der noch, mar dêr siet gjin spul fan wearde yn. Wat in domper, binne je foar it algemien belang oan it skreppen en dan makket sa’n kloat der misbrûk fan as je efkes net sjogge!

Wat ik ek noch efkes kwyt wol oan dyjinge dy’t it fjoerwurk dêr ôfstutsen hat: it hie moai west at jo de brot sels opromme hiene!  

Harm van der Duim
De Gordyk