Adri de Boer sjongt yn NoSa!
Adri de Boer sjongt yn NoSa! Foto: Siebe Kuipers

Adri fertelt yn NoSa! oer Stef Bos yn it Frysk

Cultuur

LIPPENHUIZEN It wurdt in feestje. Adri de Boer sjocht der no al nei út. Takom wike wurdt syn nije cd ‘De Boer sjongt Bos’ presintearre yn De Skâns op De Gordyk. En Stef Bos is der sels by om te sjen en te hearren hoe’t Adri syn nûmers yn it Frysk klinke lit.

Adri fertelt yn NoSa! oer syn projekt: 


It is in projekt mei al in pear jier skiednis. De earste oanset waard jûn noch foar corona. “Ik spile op in privé-feestje. Doe sei in maat tsjin my dat ik ris wat mei it wurk fan Stef Bos dwaan moast. Mar ik koe syn wurk eins net sa goed.” Dat feroare doe’t Adri nei in konsert gie fan de man dy’t syn libben ferdielt tusken Nederlân, België en Súd-Afrika. De mannen rekken koart oan de praat. En doe kaam corona. Foar artiesten as Adri rekke de aginda hielendal leech. “Ik hie alle tiid en tocht ik begjin der mar ris oan. De maat dy’t my op it idee set hat socht fyftjin nûmers út en dat ha iksels ek dien. Ik ha der sels tweintich fan fertaald. Der binne der tsien op it album telânekaam.” 

De presintaasje fan de cd fynt plak op tiisdei 11 april (20.30 oere) yn De Skâns op De Gordyk. Adri sjongt de nûmers dan mei in liveband. Stef Bos is der sels ek by. Hy sil neffens Adri ek in nûmer fan syn eigen nije cd sjonge. Yntree: 22,50 euro. Dat is ynklusyf in konsumpsje en de cd. skans.nl

NoSa!

Adri fertelt net allinich yn NoSa!. Hy sjongt ek. Sjoch de hiele útstjoering


Meer SA!

Afbeelding
Five Pack strijdend ten onder in kampioenswedstrijd Sport 5 minuten geleden
Afbeelding
Uittip: theatervoorstelling 'Zolang de vogels vliegen' Cultuur 11 minuten geleden
Afbeelding
Scott Woltering winnaar Lauswolt Open Sport 11 minuten geleden
Afbeelding
Lezing over Geert Lourens van der Zwaag Cultuur 11 minuten geleden
Afbeelding
Nieuwa artikel Nieuws 15 minuten geleden
Afbeelding
FNP staat alleen in eigen Opsterlandse Lelylijn-reactie Nieuws 21 uur geleden
Christiaan Schipper
Rente Column 22 uur geleden
Afbeelding
Sociale Inlopen maken kans op Appeltje van Oranje Nieuws gisteren