Afbeelding
Nel Wierenga

Gjin ôfstân dwaan

Column

At ik moarns wekker wurd, dan leit dy âlde reade trui al klear. Yn kombinaasje mei in trainingsbroek mei ik de dei der graach yn begjinne. De trui is al mei syn twadde leven dwaande. Ik bin net sa fan it fuortgooien. 

De trui hat ek jierrenlang yn de kast lein te wachtsjen, oan de kant set troch oare nijere truien. De reis nei de kontener fan it Leger des Heils is him doe foarearst lykwols besparre. De trui krige in twadde kâns doe’t de baas wikeliks te sporten gie. Nei in blik yn de kast foel de reade trui op. It sil de kleur wol west ha. En no giet der sawat gjin dei foarby of hy wurdt wol efkes droegen. Omdat er sa lekker sit.

Mar thús nimt de diskusje ta. Want eins is it gjin gesicht mear, sa wurdt sein. De trui is oant op ‘e tried fersliten. Ik bin efkes oan it tellen west, der sitte tsientallen lytse gatsjes yn. Ik mei der fan thús eins de dyk net mear mei út. Mar omdat ik allinnich sport, doch ik it al. Boppedat sport ik moarns betiid, dan sjocht gjin mins mei. Eins fyn ik it ûnsin om ôfskied te nimmen fan myn reade trui. Wy moatte mei-elkoar dochs mear omtinken ha foar duorsumens? Dan is dit fan myn kant in lytse bydrage.

Eins wol ik de trui de gong yn waskmasjine ek noch wol besparje. Dêr kriget er allinnich mar mear gatsjes fan. At ik de wask optear - dat is noch wolris myn putsje thús - dan jou ik de trui krekt wat mear omtinken as bygelyks dy stapel sokken. Eins fyn ik dat de trui ek noch wol wat waarmte fan it strykizer fertsjinnet, mar dat ferpoft de striker by ús thús. Lit ek mar. Want stel dat de trui al yn ferkearde hannen falt? En dan dochs noch yn de tekstyl- kontener bedarret.

Ik ha de trui dit wykein noch in kear goed besjoen. De oanset fan de mouwen is noch altyd goed. We ha elkoar in kear goed oankrûpt. Salang at de mouwen der noch net ôffalle bliuwt de trui!

Arend Waninge

Meer SA!

Kinderburgemeester Mirre Kanters en burgemeester Andries Bouwman hebben net de krans gelegd in Beetsterzwaag
Liefde staat op 4 mei centraal in Beetsterzwaag Nieuws 7 uur geleden
Johan van der Veen viert de 1-0 in het thuisduel tegen TLC.
Prima eerste helft levert ODV zege op Algemeen 22 uur geleden
Afbeelding
Duur verlies RWF in strijd tegen degradatie Sport 22 uur geleden
Afbeelding
EU-debat in Gorredijk Algemeen 4 mei, 11:05
Kapster  Anouk van der Meer
NoSa!: de jonge talentvolle kapster Anouk Nieuws 4 mei, 10:56
Oerterp-trainer Freerk Brouwer houdt zijn spelers nauwlettend in het oog.
Oerterp gaat voor kleine kans op periode Sport 3 mei, 16:00
Afbeelding
Collega's Column 3 mei, 12:20
Afbeelding
4 mei-herdenkingen in Gorredijk, Ureterp, Beetsterzwaag, Wijnjewoude en Tijnje Nieuws 3 mei, 10:33